Demetriuskatedraal (Vladimir)Ffambйр ir YятrнА anbD Nl Mt9
Demetriuskatedraal
Дми́триевский собо́р | ||
lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Vladimir | |
plak | Vladimir | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
boujier | 1194-1197 (1188-1191) | |
oare ynformaasje | ||
webside | Side katedraal |
De Demetriuskatedraal yn de Russyske stêd Vladimir is tsjerke dy't boud waard troch Vsevolod III. De as hûskapel foar de grutfoarst boude katedraal waard wijd oan de grutte martler Demetrius fan Tessaloniky. It bouwurk is in typysk foarbyld fan de wite tsjerken fam de arsjitekturale skoalle Vladimir-Sûzdal. De Demetriuskatedraal is ferneamd om de tige rike dekoraasjes mei bas-reliëfs oan de bûtenmuorren. Sûnt 1992 foarmet de katedraal ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed "Wite Monuminten fan Vladimir en Sûzdal".
Ynhâld
- 1 Skiednis
- 2 Arsjitektuer
- 3 Ynterieur
- 4 Ofbylden
- 5 Keppeling om utens
- 6 Boarnen, noaten en referinsjes
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke waard troch Russyske masters boud yn 'e heechtijdagen fan it foarstendom Vladimir. Opdrachtjouwer wie grutfoarst Vsevolod III, dy't de tsjerke wijde liet oan Demetrius, de doopnamme fan de grutfoarst. Neffens Nikolaj Voronin waard de tsjerke boud yn de jierren 1194-1197. Neffens yn de jierren 1990 ûntdutsen kroniken troch Tatjana Timofejeva lei it boubegjin fan de Demetriuskatedraal om 1188 hinne en soe de tsjerke foltôge wêze yn 1191. Yn ferskillende oare kroniken wurdt lykwols noch jimmeroan ferhelle dat it ikoan fan Demetrius pas yn 1197 út Byzantium brocht waard en dat dat it jier fan de foltôging fan de katedraal west ha moat.
Yn 1237 dielde de katedraal yn it lot fan de haadstêd fan it foarstendom Vladimir. De tsjerke waard yn brân stuten en plondere troch de Mongoalske Tataren. It soe net de lêste kear wêze dat de tsjerke ôfbaarnde. Ek yn de jierren 1536, 1719 en 1760 waard de tsjerke rekke troch brân. By ferbouwings yn de 16e en 17e iuw waarden feroarings útfierd, wêrby't dekorative eleminten ferlern gyngen.
Om de tsjerke wiene galerijen en tuorren mei treppen boud. De galerijen leine oan de noardlike, súdlike en westlike kant fan de katedraal en der bestiet gjin twifel oer dat se ferbûn wiene mei it paleis. Argeologyske stúdzjes jouwe tsjintwurdich mear en mear ynformaasje oer de gebouwen fan it paleis.
As in gefolch fan in restauraasje yn de jierren 1837-1839 krige de katedraal yn opdracht fan tsaar Nikolaas I in "mear histoarysk oansjen"; de tsjerke ferlear doe de tuorren mei de treppen en de galerijen.
Yn de Sovjet-tiid bleau de Demetriuskatedraal it lot fan ôfbraak besparre om't it bouwurk as in monumint fan âlde Russyske keunst waard beskôge. In kommisje foar it behâld fan keunstwurken ûnder lieding fan Igor Grabar makke gebrûk fan de katedraal. Yn 1919 waard de tsjerke sletten foar de earetsjinst. In restauraasje begûn yn 1937 en waard nettsjinsteande de Twadde Wrâldkriich fuortset. Oant yn de jierren 1970 waard der noch jimmeroan restaurearre.
De katedraal hat in museale funksje, earetsjinsten fine der net mear plak.
Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De ienkoepelige katedraal is trijeskepich. It dak wurdt droegen troch fjouwer pylders. Oarspronklik wie de katedraal omjûn troch galerijen mei treptuorren, dy't de tsjerke ferbûnen mei it paleis.
De gevel is horizontaal te verdielen in trije lagen. De ûnderste laach is ienfâldich en sûnder dekoraasje. Alline de profilearre portalen binne fersierd. De twadde laach wurdt foarme troch in rige pylderkes mei ornaminten en byldhouwurk. It muorrewurk fan de boppelaach wurdt trochbrutsen fan smelle finsters en is fierder folslein mei wite bas-reliëfs. By de 19e iuwske restauraasje ferfongen in tal rekonstruksjes de âlde reliëfs, mar it mearendiel fan de bas-reliëfs binne orizjineel. It binne der mear dan 600. Ek de tamboer is tusken de smelle rûnbôgige finsters mei bas-reliëfs dekorearre. De tamboer wurdt ôfsletten mei in helmfoarmige koepel en dêrop in fan ferguld koper krús.
Oan de súdlike gevel is in grutskalich wurk te sjen fan de himelfeart fan Aleksander de Grutte. It ferhaal dat útbylde wurdt is net neffens de otterdoksk lear, mar wie yn de 12e iuw in populêre oerlevering. Yn de hannen hâldt Aleksander twa liuwen, dy't griffioenen ferliede. In sittende kening David mei dowen yn syn hannen nimt op alle gevels in sintraal plak yn.
Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It ynterieur is ienfâldich om't de measte fresko's net bewarre binne. Yn it ferwulft bleau in diel fan in grutskalich fresko bewarre fan it Jongste Gerjocht. Ek de oanbuorjende Untsliepeniskatedraal hat in fresko fan it Jongste Gerjocht, mar it fresko fan de Demtriuskatedraal is âlder en datearret út de 12e iuw.
Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Portaal
Liuwen
Hilligen
- Cathedral of Saint Demetrius in Vladimir XII c.jpg
Reliëfs
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- (in) Wite Monuminten fan Vladimir en Sûzdal op de side fan UNESCO
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Дмитриевский собор (Владимир)
|